Zelfs afgelopen 2 maart kregen we de zaal, samen met het Remedy Kwintet, ook weer vol met mensen uit Franeker en omstreken. Dus vinden wij, en met ons veel Franekers, dat deze mooie stad niet zonder dit prachtige theater de Koornbeurs kan. We hebben na de heropening in 1999 een lied over de Koornbeurs geschreven, dat laten we u bij deze zien.
De Koornbeurs dicht? Bin’ jim wel lekker?
Plankekoarts, út ut programma ‘Ut raast ta de protters’ 1999 fan kabaret Sljocht
Hjoed binne wy hjir wer werom
Yn ús Beurs sa skjin en rom
En alles kaam ús wer yn ’t sin
Dit plak, feroare troch de tiid
De Krite, ‘t poadium mei in liet
Ut plak wêr ik fertroud mei bin
De Beurs, ik wit noch hoe it wie
De houten flier ûnder it bier
Dizzy Mens’ Band, George Baker en
De gymútfiering, wat in feest
Tekear gean as in losslein bist
Bij de muzyk fan BZN
En op toniel de earste stappen
Sa húvrjend, spand en fol mei fjoer
It kâlde swit, de klamme hannen
“Och wie ‘k mar dea, wie it mar oer”
De âlde Beurs, net mear fan moarn
Hy hie syn bêste tiid wol hân
Hy hie syn wurk oan’t dan ta dien
De binnenkant is doe ferboud
De bûtenkant, och sa fertroud
De gevel mei syn reade stien
Dy is en bliuwt altyd gelyk
Want wier, dy is perfoarst unyk
De griene doar, de stiennen treppen
De grut artyst en Jan Boesgroen
De amateur en Geale Groen
Hawwe dêr har skreden setten
It poadium yn de grutte seal
Nijjiersrevue en folkstoaniel
En letter mei ús kabaret
Mei de premjêre doe op snein
De rekwisiten kreas klearlein
Ree wêze foar, en goed beret
It poadium koe noch net omheech
De akoestyk, och, o sa dreech
Wy koene blyn it paad der fine
De tagong kostte noch gjin sint
Al hie dat ek wol hiel oars kind
Ja, sels ús molkbus moast ferdwine
Nou op toniel wêr nije stappen
Noch húvrjend, spand , noch fol mei fjoer
Programma’s meitsje, komponearje
En spylje, nee ’t is noch net oer
De Koornbeurs dicht? Ut mut nyt gekker!!!
Sljocht