Een gezellig avondje uit!

Een gezellig avondje uit!

Bij de Lachende Koe geniet je van heerlijke gerechten voor een vaste prijs inclusief onbeperkt tapbier, wijn en fris.
Lees verder...
Open dag en Doe-middagen

Open dag en Doe-middagen

Zit je in groep 8 of misschien in groep 7? Kom kijken en kennis maken op de rsg Simon Vestdijk!
Lees verder...
Peter Kuiper, voor oog en oor

Peter Kuiper, voor oog en oor

Nieuwe bril, contactlenzen of hooroplossing? Bij Peter Kuiper, dé opticien en audicien bent u aan het juiste adres.
Lees verder...
Boers Box

Boers Box

Nieuw in Harlingen! Huur nu uw eigen opslagruimte voor archief, inboedel of voorraad goederen bij Boers Box self storage!
Lees verder...
Plus en The Voice

Plus en The Voice

Beleef The voice of Holland intenser dan ooit bij PLUS Lunenborg. Spaar voor exclusieve The voice of Holland gadgets.
Lees verder...
C.L. International: Goed op weg

C.L. International: Goed op weg

Het bergingsbedrijf voor Noord-West Friesland, Terschelling en Vlieland.
Lees verder...
Alinex

Alinex

Alinex Uitzendbureau is specialist in uitzenden, detacheren, payrollen en werven- en selecteren van personeel in diverse sectoren.
Lees verder...
Herbouw Willem Barentsz

Herbouw Willem Barentsz

Vanaf 1 november is de werf en het bezoekerscentrum gesloten. Rond 1 april 2019 is bezoek weer welkom, tot dan!
Lees verder...
Dé Harlinger UITagenda!

Dé Harlinger UITagenda!

Plaats zelf je activiteiten op dé Harlinger UITagenda! Heb je nog geen account? Registreren is makkelijk en supersnel!
Lees verder...
Gemeente Harlingen

Gemeente Harlingen

Hier vindt u alle informatie over de producten en diensten van de gemeente Harlingen.
Lees verder...

Dach fan ut Stadsfrys

FRYSLÂN - Ien fan de talen fan Fryslân is it Stadsfrys, dat – mei lytse ûnderlinge ferskillen – praat wurdt yn de stêden Ljouwert, Boalsert, Harns, Frjentsjer, Snits, Starum en Dokkum.

Datum: 3 november 2018

Tijd: 14:00 - 17:00

Locatie: Martiniekerk, FRANEKER

Kunst & Cultuur

Hoe moai oft it Stadsfrys ek is, it buorket stadichoan efterút. Der binne lykwols noch genôch mooglikheden om nije Schwung yn it Stadsfrys te krijen. Om dy mooglikheden te ferkennen en de skouders ûnder it Stadsfrys te setten, wurdt de “Dach fan ut Stadsfrys” organisearre, op sneon 3 novimber yn Frjentsjer
 
De Dach sil bestean út trije parten. Moarns is, yn it stedhûs, in sympoasium foar amtners en taalprofesjonals/taalwittenskippers. Dêrby is it de bedoeling dat we inoar fuorje: amtners krije kennis en tips om ek yn har eigen stêd it Stadsfrys te befoarderjen, en wittenskippers krije lokale yngongen om bygelyks ûndersyk opsette te kinnen. De kennis en kontakten dy't by it sympoasium opdien wurde, binne dêrmei foar alle oanskowers nuttich. We komme fierder mei it Stadsfrys as wittenskip en belied mei-inoar oparbeidzje en ideeën útwikselje. Nei in tuskenprogram wêrby’t, nei in beskieden lunchbuffet, mei in Stadsfryse gids in stedskuier troch Frjentsjer makke wurde kin, is dan middeis, yn de Martinitsjerke, it publyksdiel: in indoor minyfestival foar it Stadsfrys. Dêr sil it bredere publyk op boartlike wize it Stadsfrys ‘fiere’ kinne. Mei muzyk, foardrachten, petearkes, taalspultsjes en de oanbieding fan it nije boek Sprookjes fan Grimm in ut Stadsfrys oan Kommissaris fan de Kening Arno Brok, wurdt it in tige fleurige middei.  
 
De Dach wurdt troch in protte partijen droegen (sjoch it program) en is ek frij ambisjeus yn syn opset: noch net earder is it Stadsfrys op dizze skaal ûnder it omtinken fan sawol publyk as saakkundigen brocht. Hooplik is de Dach dan ek in nije oantrún foar it Stadsfrys – want wat help kin it wier wol brûke. Foar de organisaasje fan de Dach soe finansjele stipe oars noch tige wolkom wêze. Om de mooglikheden te besprekken kinne jo kontakt sykje mei Anne Popkema (06-25427548). 
 
Yn de taheakke fine jo it program, dat hielendal fergees is. Jo kinne fansels ek allinne it moarnssymposium besykje; wol fersykje wy jo om jo foar it sympoasium / lunch net letter as 19 oktober op te jaan, fia info@taalburopopkema.nl. Mochten jo fierder noch fragen ha, dan beäntwurdzje wy dy fansels graach. Wy hoopje op in grutte opkomst, sawol moarns as middeis! 
 

Program  

Datum: sneon 3 novimber
Lokaasje: Frjentsjer (stedhûs en Martinitsjerke) 
Inisjatyf en koördinaasje: Anne Popkema, taalburopopkema.nl, info@taalburopopkema.nl, 06-25427548
Partners: Fryske Akademy, Leeuwarder Courant, Nederlandse Taalunie, RuG (Minorities&Multilingualism / Frysk), gemeente Waadhoeke, Provinsje Fryslân, KH2018/Lân fan Taal, Stichting Trezoor Franeker, Vrienden van de Stad Franeker, Genoatskap foar ut behoud fan ut Franekers. 
 
Sympoasium (stedhûs Frjentsjer) 
10.00 Ynrin mei kofje
10.15 Iepening deifoarsitter
10.20 Wurd fan wolkom (wethâlder Dijkstra fan gemeente Waadhoeke)
10.30 Skiednis Stadsfrys (prof. dr. Arjen Versloot, UvA)
10.50 Aktuele stân fan saken Stads (dr. Reitze Jonkman, FA)
11.10 skoft
11.30 Stadsfrys by jongerein (drs. Pieter Duijff, FA)
11.50 Stadsfrys op social media (drs. Lysbeth Jongbloed, FA)
12.10 Neipetear 
 

Tuskenprogram

12.30-13.15 Lunch
13.15-14.00 Stadsfryse stedskuier 
 

Publyksdiel

It publyksdiel begjint om 14.00 oere yn de Martinitsjerke en duorret oant sawat 17.00 oere. It krijt it karakter fan in indoor minyfestival. De sprekstalmaster fan tsjinst is Asing Walthaus (Leeuwarder Courant), dy’t rûn rint oer it 'festivalterrein yn de tsjerke en lofts en rjochts koarte petearkes oangiet mei de oanwêzigen. Geandewei de middei sille yn alle gefallen oan bod komme: wethâlder Dijkstra oer it Stadsfrys yn de nije gemeente Waadhoeke, in Stadsfryse kwis, Lysbeth Jongbloed-Faber (Fryske Akademy) oer Stadsfrys en social media, it taalspul Stimmen fan Fryslân (Ryksuniversiteit Grins), bekendmakking fan de winner fan de Stadsfryse oersetwedstryd (LC fan 18 maaie 2018), foarlêzen fan in Stadsfrys sprookje, en it oanbieden fan it earste eksimplaar Sprookjes fan Grimm in ut Stadsfrys oan KfdK Arno Brok, dy’t dizze Dach tige stipet. Tusken de ûnderdielen troch sil it duo Bauke van der Woude & Campbell Forbes in pear kear Stadsfryse lieten hearre litte.   

 

Contact

Dach fan ut Stadsfrys

Martiniekerk
FRANEKER

Dach fan ut Stadsfrys

Atelier de Groot Atelier de Groot IJssalon Min12 IJssalon Min12 Hotel Café Restaurant "Zeezicht" Hotel Café Restaurant "Zeezicht" BENG Evenementen BENG Evenementen Salon & Parfumerie Rona Salon & Parfumerie Rona Visie Events Visie Events Faber Tassen, Koffers & Accessoires Faber Tassen, Koffers & Accessoires Joachim de Ruijter Fotografie Joachim de Ruijter Fotografie Zeilcharter Boreas Zeilcharter Boreas Ons Food&Wine Ons Food&Wine Harry Greve Gitaar- en Basgitaarlessen Harry Greve Gitaar- en Basgitaarlessen Eetcafé De Lachende Koe Eetcafé De Lachende Koe Eetcafé Nooitgedagt Eetcafé Nooitgedagt Hubo-Faber Hubo-Faber Vogelaar Audio Vogelaar Audio Dio Jurien Dio Jurien Strandpaviljoen 't Zilt Strandpaviljoen 't Zilt Plus Lunenborg Plus Lunenborg Fotografie Dorus Fotografie Dorus Expert Hogerhuis Expert Hogerhuis Hema Harlingen Hema Harlingen Almamater Almamater VVV Harlingen VVV Harlingen ForHim Menswear ForHim Menswear Jumbo Olaf Hermus Jumbo Olaf Hermus Harry Greve LOUNGE Harry Greve LOUNGE Zensa Moda Zensa Moda Copini Opticiëns Copini Opticiëns HoMMM!nga's Fijne Winkeltje HoMMM!nga's Fijne Winkeltje Haarmode Cats Haarmode Cats Karsten Wonen Karsten Wonen Harlinger Poffertjeskraam Harlinger Poffertjeskraam Zwembad Het Derde Haad Zwembad Het Derde Haad De Lichtboei De Lichtboei Anna Casparii Hotel Café Restaurant Anna Casparii Hotel Café Restaurant Kamsma Schoenen Kamsma Schoenen
Visie Events Visie Events Vogelaar Audio Vogelaar Audio Hotel Café Restaurant "Zeezicht" Hotel Café Restaurant "Zeezicht" De Lichtboei De Lichtboei VVV Harlingen VVV Harlingen Hubo-Faber Hubo-Faber Harlinger Poffertjeskraam Harlinger Poffertjeskraam BENG Evenementen BENG Evenementen Zwembad Het Derde Haad Zwembad Het Derde Haad Faber Tassen, Koffers & Accessoires Faber Tassen, Koffers & Accessoires Jumbo Olaf Hermus Jumbo Olaf Hermus Strandpaviljoen 't Zilt Strandpaviljoen 't Zilt